Ynlogge : Unthâld
Thús
Mear ynformaasje
Aginda
Nijs
Bernlef.com
Aldlid wurde?
De Harpe
Ferwizings
Wachtwurd kwyt?
Help
  • Sneon 30 novimber 2019
    Aldledefeest
  • Tongersdei 19 desimber 2019
    Midwinterdiner en gala
  • Sneon 28 desimber 2019
    Krystkongres
  • 20 o/m 22 maart 2020
    Lustrumkampf
  • 18 o/m 24 maaie 2020
    Lustrum
Sylalvestędetocht 2016
Yn 2018, it jier fan de kulturele haadstêd, wolle wy in grutte alvestêdetocht oer 201,8 kilometer hâlde mei safolle mooglik dielnimmers. Om dêr klear foar te wêzen moat wy fansels earst noch wat ûnderfining opdwaan. Foarich jier hat ien boat de folsleine tocht ôflein yn in tiid fan goed 90 oeren. Dêr sieten ek in stik as 20 sliepoeren tusken. Dit jier wolle wy besykje dy tiid flink oan te skerpjen troch net te stopjen tidens it sliepen. Wy wolle it dizze kear krekt lykas yn 2013 wer yn juny besykje omdat it dan folle langer ljocht is. De foarlopige datum ha wy dan ek yn it wykein nei de langste dei plent op 24-26 juny.

 

 

Kinst do sile as bist in trochsetter dy't it moai fynt om trije lange dagen flink ôf te sjen op in boat fan mar in pear fjouwerkante meter. Hast nocht oan kilometers bomen, peddeljen en oan in ein tou hingjen mei in boat op sleeptou dan kinst hjir dyn ynteresse oanjaan. Do kinst sels in boat hiere en in bemanning gearstalle as hope dat immen dy mei nimme wol. At it om dy wol oan gean kin, jou dy dan hjir alfêst op.