Ynlogge : Unthâld
Thús
Mear ynformaasje
Aginda
Nijs
Bernlef.com
Aldlid wurde?
De Harpe
Ferwizings
Wachtwurd kwyt?
Help
  • Sneon 15 maaie 2021
    Lustrum en Dieskombyfeest
  • 25 o/m 28 juny 2021
    Sylalvestędetocht 2021
  • Freed 31 desimber 2021
    Karbydsjitte by Kees
  • 21 o/m 24 juny 2024
    Sylalvestędetocht 100 jier Bernlef
  • 19 o/m 25 maaie 2025
    Lustrumwike 100 Jier Bernlef
Kulturele jűn
Bêste âldleden,

Sa ‘t jim it faaks al witte sil op tongersdei 5 febrewaris op de Pizel in kulturele jûn plakfine. Twa sprekkers sille dy jûns ‘acte de présence’ jaan. De earste is Joost Ommen. Yn in resint ferline hat er al yn it foarprogramma fan de band Spinvis stien. Hy is yn it ferline ek stêdsdichter fan Grins, en húsdichter fan de RuG west.

De twadde artyst dy’t optrede sil, is Meindert Talma. Dy namme komt jim grif bekend foar! Ein 2013 kaam Kelderkoorts út, in roman oer Nederlands Onbekendste Popster. Dêryn giet er werom nei de begjinjierren fan syn karriêre, ek Bernlef hat hjiryn in plakje.  Yn ‘e jierren 90 sette Talma him yn foar de Harpe en joech mei Nyk de Vries it literêre tydskrift De Blauwe Fedde út. Nei syn studintejierren timmere Talma oan ‘e wei mei syn groep Meindert Talma & The Negroes. No freedtejûn draacht Talma foar út syn roman en wikselet dit ôf mei ferskes en byldmateriaal. 

Jim binne wolkom fanôf 20.00 oere. 

Mei freonlike groetnis,

Bestjoer “Feroaring fan lucht”.