Op freed 26 septimber om 6:00 oere start der oppenij in groep silers oan de tocht der tochten. Meidwaan is noch mooglik, hoechst allinnich mar om 6:00 oan de start te ferskinen yn in polywikel. It ienige wat de organisaasje regele hat is de datum. Iten, drinken, bemanning, brêgejild en boat moat jim sels regelje. Guon dielnimmers oan de sylalvestêdetocht kinne nei alle gedachten wer live folge wurde fia Endomondo. Moedigje harren oan by it passearen fan in doarp, stêd as brêge as foarsjoch de dielnimmers fan in hapke en/as in slokje.
|