Ynlogge : Unthâld
Thús
Mear ynformaasje
Aginda
Nijs
Bernlef.com
Aldlid wurde?
De Harpe
Ferwizings
Wachtwurd kwyt?
Help
  • Sneon 30 novimber 2019
    Aldledefeest
  • Tongersdei 19 desimber 2019
    Midwinterdiner en gala
  • Sneon 28 desimber 2019
    Krystkongres
  • 20 o/m 22 maart 2020
    Lustrumkampf
  • 18 o/m 24 maaie 2020
    Lustrum
Dies 2014

Op 11, 12 en 13 april sil Bernlef mei muzyk, aktiviteiten en fretterij it wer in jierke âlder wurden fan ús feriening fiere. Dat kin fansels net sûnder de âld-leden!

It program:

Freed 11 april:

Bûtendei: De hjoeddeistige leden sil har fermeitsje yn de grêften fan Ljouwert yn supboaten: Surfplanken dêr’t je steand op peddelje kinne. Dizze aktiviteit is ek tagonklik foar âld-leden dy’t noch jong fan geast binne. Opjêfte kin by Esther de Vries, til: 06-11171291

Sneon 12 april:

Balskoptoernoai: Om 10:00 oere sil op it fuotbalfjild fan v.v. Mamio, yn sportpark de Parrel, it jierlikse balskoptoernoai plak ha tusken leden en âld-leden. Soe it de leden dit jier wol slagje de âlde garde te ferslaan of bliuwt de hegemony bestean? Wolle jo ek meidwaan oan it balskoppen dan kin opjêfte by âld-lede tiimkaptein Jelmer Hitzert, til: 06-50409018. Binne jo net sa sportyf mar wol fanatyk? Supporters en taskôgers binne fansels tige wolkom. Foar fragen kinne jo skilje mei Esger Raap, til: 06-20561112

Resepsje: fan 14:00 oere ôf sil der op de Pizel de mooglikheid wêze om te buorreljen mei âlde freonen, te fûstkjen mei it bestjoer en de feriening te lokwinskjen. Meld jo oan by de pedel as âldkommisje, âldrûnte of as bestjoer dt en hâld in moaie lullepot.

Ut iten: Om 18.30 bestiet der de mooglikheid om mei út iten te gean by in restaurant yn Grins. Plak wurdt noch bekend makke. Opjêfte kin by Gerard Fennema, til: 06-11971941. Kosten binne sa’n 20 euro.

Band Fifth Wheel: fan 22:00 oere ôf sil de band “Fifth wheel” begjinne mei spyljen. Poprockachtige country sil derfoar soargje dat sels de stive skonken fan âld-leden wer soepel oer de dûnsflier fleane!

Snein 13 april:

Matinee: Fan in oer as 14:00 ôf kin jo moarns of middeisiten helje op de Pizel. Bruno Rummler sil mei syn gitaar muzyk fersoargje. Under it genot fan in hapke en in drankje kinne jo neigenietsje fan de foarige jûn. Om 18:00 rint it offisjele diësprogram ôf, mar dat seit fansels neat…

Fierdere ynformaasje of wizigings yn it program sil hjir publisearre wurde. Wy hoopje jo te sjen op 11,12 en 13 april!

Mei freonlike groetnis, Diëskommisje “Bernlef, 89 Jier sûperieur”

Berber de Boer (ko), Esger Raap, Ydwine Scarse, Gerard Fennema, Esther de Vries en Marije Benedictus.