Yn ferbân mei de peaskedagen is de Dies Natalis dit jier in wykein earder. Al op 11,12 en 13 april kinne wy dus wer nei de Pizel. It eksakte program is fansels noch net fêststeld mar ús ûnderfining seit dat op sneon 12 april de âldleden de leden earst ferslaan sille op it balskopfjild. Dêrnei sil de resepsje wêze en nei tal fan drankjes en in hapke sil dêrnei it ljocht út dien wurde.
|