Ynlogge : Unthâld
Thús
Mear ynformaasje
Aginda
Nijs
Bernlef.com
Aldlid wurde?
De Harpe
Ferwizings
Wachtwurd kwyt?
Help
  • Freed 01 maaie 2020
    Alvestędefocht
  • 18 o/m 24 maaie 2020
    Lustrum
  • Sneon 23 maaie 2020
    Lustrum
  • 05 o/m 08 juny 2020
    Sylalvestędetocht 2020
  • Freed 14 augustus 2020
    Keiwike
Aldledefeest mei Wiegels Wjukkelmasine
Heu!... âldnút!... Wekker wurde en harkark yndwaan! Op 10 novimber is it safier. It âldledefeest 2012, mei ditkear as tema:

Tribute to the nineties!

Helje dy swarte trui út dyn kast, strûp de reade spikerbroek of sigerige penty om de kont, pimp dyn rollator, lûk it ferwosken Claw Boys Claw t-shirt oan en harkje op youtube nochris goed nei Wachtsje yn de rein, dy mega-hit fan "Fryslâns finest",

Wiegels Wjukkelmasine

Want jim ha it goed heard op de tamtam: de Wjukkelmasine, twa desennia lyn Fryslâns moaiste akt, komt spesjaal foar dit feest noch in kear op de planken - de Pizel hat syn rop as Fryske poptimpel noch net ferlern! De fingers binne grif wat strammer, se sille wat mear kilo's en wat minder hier ha, mar "Rock 'n roll does not grow old"! Wês der dus by om dit legendaryske optreden net te missen!

Soas iepen fan 20:30 ôf, giet net wer ticht. Bier belachelik goedkeap, lykas wenst. In droege woarst is grif ek wol te regeljen. Smoke mei net mear yn de soas. Sizze se...

Atst it noch net snapst, kinst This e-mail address is being protected from spam bots, you need JavaScript enabled to view it  in eameltsje stjoere.

Wiegels Wjukkelmasine