Ynlogge : Unthâld
Thús
Mear ynformaasje
Aginda
Nijs
Bernlef.com
Aldlid wurde?
De Harpe
Ferwizings
Wachtwurd kwyt?
Help
  • Sneon 15 maaie 2021
    Lustrum en Dieskombyfeest
  • 25 o/m 28 juny 2021
    Sylalvestędetocht 2021
  • Freed 31 desimber 2021
    Karbydsjitte by Kees
  • 21 o/m 24 juny 2024
    Sylalvestędetocht 100 jier Bernlef
  • 19 o/m 25 maaie 2025
    Lustrumwike 100 Jier Bernlef
Gala giet (wer) net troch
Om in moai gala te organisearjen hat de kommisje in soad dien. Wy hawwe meardere kearen feroarings trochfierd sadat der mar safolle minsken as mooglik op it gala komme koene. It is ferpleatst nei in freed en letter noch in kear folslein ferplakke nei in oare datum en oare lokaasje sadat de leden alles mar opsûpe koene safier as dat sy dat woene. Dochs hat de kommisje sjoen dat der gjin animo blykt te wêzen foar it gala en dêrom helje wy de stekker der út. 

In lokaasje, drank, bands en in fotograaf wurde simpelwei te djoer as der mar in lyts groepke Bernleffers op it gala komt en wy wolle it dizze groep ek net oandwaan om harren in suf gala foar te setten. Wy finne it spitich foar alle minsken dy't harren ferheugd hawwe op in moai gala dat no net komme sil. Dêrom sille wy, gala as net, freed yn elts gefal kreas op 'e soas komme en wy noegje jim út om dit ek te dwaan.

Groetnis De Galakommisje