Ynlogge : Unth‚ld
Thķs
Mear ynformaasje
Aginda
Nijs
Bernlef.com
Aldlid wurde?
De Harpe
Ferwizings
Wachtwurd kwyt?
Help
  • Sneon 15 maaie 2021
    Lustrum en Dieskombyfeest
  • 25 o/m 28 juny 2021
    SylalvestÍdetocht 2021
  • Freed 31 desimber 2021
    Karbydsjitte by Kees
  • 21 o/m 24 juny 2024
    SylalvestÍdetocht 100 jier Bernlef
  • 19 o/m 25 maaie 2025
    Lustrumwike 100 Jier Bernlef
Bernlef gala
Op freed 25 maaie 2012 wurdt der in prachtich moai Bernlef Gala organisearre. It begjint om 22:00 en eindiget om 3:00. It gala fynt plak yn draf en evenemintesintrum stadspark te Grins. Kaarten binne €30,- per stik. Foar dy sinten krijst fansels in moai feest mei ôfkochte drank en in band. Kaarten kin besteld wurde fia de eamel:  This e-mail address is being protected from spam bots, you need JavaScript enabled to view it

Muzikale fersnaperingen binne der yn de foarm fan mar leafst twa bandsjes: Sputnik Effekt en Hot for Teachers sille in optreden jaan. Op de mominten tusken dizze bands yn kinne wy sels plaatsjes draaie, dus eltsenien is fan herte útnoege om in leuke cd mei te nimmen. 
 
Om fan te foaren al wat yn feestlike stimmingen te kommen is der de mooglikheid om mei dyn date út iten te gean by Tapasco yn de Haddingedwarsstrjitte. In lúkse menu ynklusyf 5 drankjes stiet foar ús klear foar € 25 de man. Ek foar it iten kinst dy ynskriuwe op de website of troch in mail te stjoeren. 
 
It iten begjint sa rûn 20 oere , it gala is fan 22 oant 03 oere en nei dy tiid sil op de Túnstrjitte it feest gewoan trochgien oant de lytse oerkes.

Yn in skrikkeljier freegje de froulju de manlju!

galawyfkes2009.jpg