Yn in iensidige finale hawwe de favorite âldleden de leden op alle fronten ôftroeft. Mei rêst stiene de âldleden al komfortabel op 0-4 en nei rêst waard de foarsprong allinnich mar fierder útwreide. De einstân fan 1-9 hie dan ek noch wol in stik heger útfalle kinnen mar guon âldleden misten foar iepen doel en ek waard it aluminium gauris rekke. It waard de leden tastien in earetreffer te skoaren sadat Sjouke no de man fan de wedstryd wurde koe. Topskoarder wie Geertjan Holtrop mei 3 goals.
|