De galakommisje sil even op ‘e nij begjinne mei it organisearjen fan in prachtich moai gala. Der is yn de ôfrûne tiid wat weinich ynformaasje fan harren kant west en dit wolle sy ferbetterje foar de 2.0 fariant fan ‘e kommisje. Dat hjirby it berjocht dat jim op 30 maart gjin gala hoeve te ferwachtsjen. De galakommisje sil fierder yn ‘e aginda sjen oft der earne in moaie datum foar it gala beskikber is. Dit sil nei alle gedachten ein maaie wêze. Yn ‘e tuskentiid gean sy wêr ris op syk nei in moaie lokaasje wêr de drank foar net al tefolle jild ôf te keapjen is en wêr in moaie ytlokaasje by yn ‘e buert sit.
|