Ynlogge : Unthâld
Thús
Mear ynformaasje
Aginda
Nijs
Bernlef.com
Aldlid wurde?
De Harpe
Ferwizings
Wachtwurd kwyt?
Help
  • Sneon 30 novimber 2019
    Aldledefeest
  • Tongersdei 19 desimber 2019
    Midwinterdiner en gala
  • Sneon 28 desimber 2019
    Krystkongres
  • 20 o/m 22 maart 2020
    Lustrumkampf
  • 18 o/m 24 maaie 2020
    Lustrum
Dies Natalis 2012
balskoppers.jpgJim hiene fansels de ôfteller nei de Dies 2012 al wol wer rinnen sjoen mar om oan alle ûnwissichheid in ein te meitsjen no ek noch mar efkes in nijsberjochtsje. De Dies fan 2012 sil hâlden wurde yn it wykein fan 20-22 april. Nei alle gedachten sil it programma net in soad ferrassings kinne. Op freed 20 april wurdt der in bûtendei organisearre. De leden sille dan te skûtsjesilen. Fierder sil der snein 22 april in matinee wêze. De wichtichste dei foar ús âldleden is fansels dochs wol sneon 21 april. Op dy dei sille wy de leden oppenij fernederje tidens de tradysjonele balskopkriich. Foar de balskopkriich kinne ek froulju harren opjaan, by genôch ynteresse sil der in damesteam oprjochten wurde. Dêrnei sil der gelegenheid wêze om mei it bestjoer te fûstkjen wêrnei't der hjir en dêr wat iten wurde sil. Jûns sil der in spetterjend feest wêze mei de band Sebeare! Fansels wurdt it allinnich mar spetterjend at der in soad (âld)leden by binne. Set dus 21 april 2012 yn jim aginda's, iFonny's as sla it op yn jimme griise massa. At wy fan de organisaasje mear gegevens krije sille wy dy hjir fansels ek bekend meitsje.