Ynlogge : Unthâld
Thús
Mear ynformaasje
Aginda
Nijs
Bernlef.com
Aldlid wurde?
De Harpe
Ferwizings
Wachtwurd kwyt?
Help
  • 20 o/m 22 maart 2020
    Lustrumkampf
  • 18 o/m 24 maaie 2020
    Lustrum
  • Sneon 23 maaie 2020
    Lustrum
  • 05 o/m 08 juny 2020
    Sylalvestędetocht 2020
  • Freed 14 augustus 2020
    Keiwike
Aldlid wurde?

Moat ik ek foldwaan oan bepaalde easken om âldlid te wurden?

Bernlef is in feriening foar Fryske jongerein yn Grins en is te beskôgjen as in studinteferiening, atst lid bist en net mear studint bist en/as ek net mear as jongerein beskôge wurde kinst dan kinst mooglik âldlid wurde. It iennichste ding dat fan dy ferwachte wurdt, is datst dy posityf opstelst tsjinoer it Frysk en de Fryske aard en kultuer. Ast net Frysk skriuwe kinst,  hiest in kursus Fryslân A folgje moatten doe'tst noch lid wiedest.

Is it djoer om âldlid te węzen by Bernlef?

Nee, it âldlidmaatskipsjild is mar in skyntsje (fergelykje dat mar ris mei it ledejild!).

Yn ruil hjirfoar biede wy dy it hiele jier troch de mooglikheid ta allerhande rabberijkes oan en sa no en dan in feestje mei in lege drankpriis yn de Pizel. Neist de 'gewoane' rabberijaktiviteiten is der sa no en dan ek de mooglikheid om efkes goed lam te wurden.

Is der ek in "ontgroeningsritueel" foar âldleden by Bernlef?

Nee. By âldleden fan Bernlef is der gjin 'ontgroening', dus gjin lange perioade mei ferplicht in bytsje drank, in soad sliep en kwalik fernederings. Dit hâldt yn datsto fan it momint ôf datst âldlid bist deselde rjochten (en plichten) hast as alle oare âldleden.

Hoe wurd ik dan úteinlik âldlid? En wannear?

Moatst earst lid wurde, dęrnei skriuwst foar 1 oktober dyn lidôfbrief węryn atst oanjoust datst graach âldlid wurde wolst.

Dochs noch in pear fragen?

Yn noed kinst fansels altyd it bestjoer maile, op This e-mail address is being protected from spam bots, you need JavaScript enabled to view it .