Ynlogge : Unthâld
Thús
Mear ynformaasje
Aginda
Nijs
Bernlef.com
Aldlid wurde?
De Harpe
Ferwizings
Wachtwurd kwyt?
Help
  • 02 o/m 06 juny 2023
    Sylalvestędetocht
  • 21 o/m 24 juny 2024
    Sylalvestędetocht 100 jier Bernlef
  • 19 o/m 25 maaie 2025
    Lustrumwike 100 Jier Bernlef
Alvestędefocht 2022
Op 25 febrewaris liket der foarlopich in ein te kommen oan sawol de wichtichste coronamaatregels as oan de kâns dat der dit jier noch in alvestêdetocht op redens komme sil. Mar om jim alvestêdefirus yn libben te hâlden en tagelyk jim bloed foar goed coronafrij te meitsjen sil dizze jûn foar de tredde kear de legendaryske alvestêdefocht organisearre wurde. Om 19:25 sil it startskot jûn wurde foar dizze bar(re) tocht dy’t jim nei in rûntsje om de soas firtueel fan Ljouwert nei de Bonke bringe sil. Foar de minsken dy’t noch net op de hichte binne fan dizze tak fan sport. It is de bedoeling om 11 heal mingels bier as 11 heal mingels bearenurch yn de mjuks te drinken. Eltse heal mingel stiet foar it berikken fan in stêd. Dyn posysje wurdt byhâlden op de kaart fan Fryslân (op de beamer) en fansels krijst do ek in stimpel op de kaart. Do kinst meidwaan as wedstryddrinker en besykje as earste werom te wêzen yn Ljouwert mar it is fansels ek mooglik om as toerdrinker mei te dwaan. Do hast dan oant djip yn de jûn de tiid om dyn alve heal mingels fuort te setten. Letter starte is gjin probleem al wurdt winnen dan fansels al in stikje dreger.